Te hurd; rydbewiis kwyt

22 feb 2010 - 09:21

It bestjoerder (25) fan Ballum (Amelân)is syn rydbewiis kwyt rekke. Hy ried mei hege snelheid oer de Strandweg op it eilân. Nei in koarte achterfolging, koe de plysje de man steande hâlde. Ut in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie.

In Ljouwerter (33) ried snein op de N31 by de ôfslach Techum 128 kilometer yn de oere. Dêr is 70 kilometer tastien. De man waard pakt troch in lasergunkontrôle. Hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)