Sybren Jansma: teloarstellend

22 feb 2010 - 09:08

Bobslider Sybren Jansma hat in teloarstellend Olympysk toernoai hân yn de twamansbob. Mei piloat Edwin van Calker koe de remmer fan De Pein ek op de twadde dei net oertsjûgje. Snein yn de lêste twa omlopen gong it beide kearen hast mis. In bêste tiid om noch te klimmen yn it klassemint, siet der sadwaande net yn.

Van Calker en Jansma einigen op it fjirtjinde plak. It goud wie foar Lange en Kuske fan Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)