Kramer rint nij pr op maraton

Mariska Kramer (argyffoto)
Mariska Kramer fan Drachten hat in nij persoanlik rekôr rûn op de maraton yn Amearika. Har tiid wie 2.42.47. Dat is in pear minuten rapper as har âlde tiid. Se waard úteinlik sânde yn de wedstriid yn Jacksonville, Florida.
Hoewol't se in rappere tiid rûn, wie se net tefreden. De wedstriid wie dreech om't in stik oer it strân draafd wurde moast. It stribjen wie by de earste fiif te einigjen, mar it fjild wie sterk mei dielnimmers út Kenia en Ruslân.