Winst LDODK en Mid-Fryslân

21 feb 2010 - 17:02

Twa fan de trije Fryske ploegen yn de sealhaadklasse wûnen dit ynhelwykein harren wedstriid. De kuorballers fan LDODK wiene op 'e Gordyk mei 22-17 te sterk foar Groen Geel. Troch de winst is LDODK de nije koprinner.

Mid-Fryslân wûn yn Grou mei 30-16 fan AKC Almelo. MF wie fierste sterk en helle sa wichtige punten foar klassebehâld. Foar CSL foel it doek. De ploech út Britsum ferlear yn Stiens mei 20-17 fan VADA en degradearret nei ien jier wer nei de oergongsklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)