'Waadsee better beskermje'

21 feb 2010 - 15:00

De Waadsee moat in grut ynternasjonaal natuergebiet. Nasjonale oerheden soene dêr net op eigen manneboet har gong gean kinne moatte. Sa moat it foar ien lân ûnmooglik wurde om bygelyks Europeeske natuerregels rommer ta te passen, lykas Balkenende earder besocht mei de Natura 2000 regels.

Dizze ynternasjonale beskerming is de kearn fan in fyzje op de takomst fan it gebiet. De fyzje is opsteld troch de Fûgelbeskerming en suterselskippen yn Denemarken en Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)