Fryske dammers degradearje net

21 feb 2010 - 14:47

Troch in ferassende 12-8 oerwinning sneon tsjin Hengelo is de Damkombinaasje Fryslân ûntkaam oan streekrjochte degradaasje út de eareklasse. Troch de winstpartijen fan Willem Leijkenaar, Bastiaan Hollander en Thomy Mbongo waard de oerwinning feilich steld. Troch dat Lunteren ek al wûn fan Westerhaar einige de Fryske topploech op it njoggende plak.

De dammers moatte in beslissingswedstryd spylje tsjin ien fan de nûmers twa fan de haadklassen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)