Drachtster mislediget plysje
In 18-jierige jonge út Drachten is yn de nacht fan sneon op snein yn syn wenplak oanhâlden. Hy fytste op it Noorderend twa aginten temjitte mei in oare fytser. De 18-jierige stuts doe syn middelfinger op nei de aginten.
Doe't se him dêr op oansprutsen, misledige er de plysjeminsken. Dy ha him oanhâlden fanwege de mislediging en om't er dronken wie.