Twamansbob min úteinset

It hat net holpen..
De Nederlânske twamansbob mei Sybren Jansma fan De Pein is op 'e Spelen yn Vancouver min úteinset. Nei twa runs steane Jansma en stjoerman Edwin van Calker op it 13e plak.
Yn it foar hope Jansma op in medalje, mar al nei de earste run waard dúdlik dat dat der net yn siet. Van Calker en Jansma einigen as 14e. "Dit was het dan, het podium halen we niet meer", wist Jansma doe al. Yn de twadde run koe in crash noch krekt foarkommen wurde en einige it duo opnij as 14e.