Flyers winne; kâns op 2e plak

20 feb 2010 - 16:16
  • Paul Vincent (argyffoto: Martin de Jong)

De Flyers wûnen freed fan de Devils út Nijmegen. De iishockyers koene twa punten byskriuwe. Nei de reguliere wedstriid en overtime wie de stân gelyk (3-3). Penaltyshots brochten de winst troch in goal fan Paul Vincent.

De Hajé Flyers meitsje noch kâns op it twadde plak yn de kompetysje. De ploech moat sneon thús spylje tsjin Den Haach. As de Friezen winne, binne se wis fan de play-offs. Om it twadde plak stride ek Den Haach, Geleen en Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)