Protest tsjin Natura 2000

Yn Bakkefean is sneon in protestearre tsjin de gefolgen fan de Natura 2000-regels yn Opsterlân. De manifestaasje wie organisearre troch it lokale CDA. Twadde-Keamerlid Algra naam in petysje yn ûntfangst.
Neffens CDA-Opsterlân komt de wurkgelegenheid yn gefaar, om't de toeristyske sektor en de boeren beheind wurde yn har útwreidingsmooglikheden. De lokale ofdieling fan it CDA hat oan Algra frege oft er dúdlikheid jaan kin.