Undersyk nei brân konteners

20 feb 2010 - 15:16

De plysje ûndersiket brânstichting yn fiif ôffalkonteners yn Drachten. Yn de nacht fan freed op sneon krige de plysje in melding fan brân oan de Hooizolder en Melkkelder. Doe't de plysje dêr kaam, stiene trije ûndergrûnse konteners yn 'e brân. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje socht ûndertusken nei de dieders en ûntduts noch twa brânende konteners. Dat fjoer is ek útmakke.

De plysje hat de dieders net fûn en ûndersiket de saak noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)