Oer de kop; rydbewiis kwyt

20 feb 2010 - 15:09

In automobilist (18) fan Jobbegea is freedtejûn op It Hearrenfean syn rydbewiis kwytrekke, nei't er mei syn auto oer de kop flein wie.

Hy ried op de Poststrjitte yn de rjochting fan Tsjalbert. Doe't de ferkearljochten op oranje sprongen, joech er gas by. Hy ferlear de macht oer it stjoer en fleach oer de kop, de auto botste dêrnei op in ljochtmêst. De bestjoerder en syn passazjier kamen mei de skrik frij. De man hie tefolle dronken. Hy krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)