Stipe foar streekmuseum Kollum

20 feb 2010 - 14:10

De âldheidskeamer yn Kollum krijt ekstra finansjele stipe fan de gemeente. It streekmuseum moat yn de takomst mear en jongere besikers lûke. Dêrom moatte nije tema's en edukative programma's ûntwikkele wurde.

De gemeente ynvestearret 70.000 euro yn dizze fernijingen. Dêrneist krijt de âldheidskeamer jierliks in bedrach fan 15.00 euro. Mei it jild wurdt foar twa jier in koördinator oansteld en wurde mear frijwilligers oplaat. Ek is der jild foar promoasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)