Spul oer oanlis dyk Wommels

Der is reboelje yn Wommels oer de oanlis fan in ûntslutingsdyk nei de nije wenwyk Noard-East. De gemeente Littenseradiel en doarpsbelang wolle de dyk oanslute op De Roede. Bewenners fan dizze rêstige strjitte binne benaud foar de drokte dy't dat opsmite sil.
De bewenners fan de Roede fine it nuver dat de ûntslutingsdyk in idee is fan har eigen doarpsbelang. Dat soe krekt opkomme moatte foar de belangen fan de bewenners.