Fal kabinet: weryndieling faai

20 feb 2010 - 09:10

It kabinet Balkenende IV is sneontemoarn betiid fallen. De ferlinging fan de missy yn Uruzgan hat it kabinet úteinlik de kop koste.

Foar Fryslân liket it grutste gefolch te wêzen dat de weryndieling fan de Súdwesthoekegemeenten yn gefaar komt. De Twadde Keamer soe dêr meikoarten in beslút oer nimme, mar alle wetsfoarstellen komme no op in list fan saneamde 'kontroversjele' ûnderwerpen, dêr't de earste tiid neat mei dien wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)