Jansma: 'medalje is mooglik'

19 feb 2010 - 22:12

'As we in bytsje gelok hawwe kinne we in hiel ein komme', seit Sybren_Jansma fan De Pein. De bobslider is fol fertrouwen oer de kânsen fan de twamansbob op de Olympyske_Spelen. 'In medalje is seker net ûnmooglik. Yn de trainingen sitte we by de top 10.'

Woansdei crashte de Nederlânske bob lykwols yn in training en ek in soad oare teams giene ûnderút. Jansma: 'It is wol in bytsje gefaarlik, it is in hiele rappe baan. Mar we steane der goed foar en binne der klear foar.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)