Opfang jongerein moat better

19 feb 2010 - 19:56

Der moat in bettere gearwurking komme tusken de organisaasjes dy't dwaande binne mei de opfang fan probleemjongeren tusken de 12 en 18 jier. Dat fine organisaasjes as Bureau Jeugdzorg, de stichting Maatskiplik Wurk Fryslân en Rebound yn de regio Drachten en It Hearrenfean.

No is it noch sa dat helpferlieners sûnder it fan elkoar te witten ferskate plannen meitsje oer deselde jongeren. Tongersdei ûndertekenen alle partijen hjiroer in konvenant.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)