Akkoart oer skjin wetter

Wetterbassin fan Vitens
Wetterskip Fryslân, wetterbedriuw Vitens, de 31 Fryske gemeenten en de provinsje ha freed harren hanteken set ûnder in grut wetterakkoart. Mei it akkoart wolle se derfoar soargje dat Fryslân ek yn de takomst skjin en betelber wetter krijt. Fryslân is de earste provinsje yn Nederlân dêr't sa'n akkoart troch safolle partijen ûndertekene is.
Yn it plan steane plannen foar nije sanitêre foarsjennings en ideeën om minder gemikaliën en enerzjy te brûken.