SP: wêrom no al direkteur

19 feb 2010 - 15:59

De lanlike fraksje fan de SP hat fragen steld oer de beneaming fan Johan Krul as algemien direkteur fan de gemeente Súd-West Fryslân. Neffens de SP is it fierstente betiid om no al immen te beneamen foar de nije gemeente. It beslút ta weryndieling yn Súd-West Fryslân moat noch goedkard wurde troch beide keamers.

Se binne benaud dat de beneaming yn de takomst swierrichheden opsmite kin as it beslút ta weryndieling keard wurdt troch ien fan de keamers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)