Gjin beammekap Van Lyndenpark

19 feb 2010 - 15:53

Der wurde foarearst gjin beammen mear kapt yn it Van Lyndenpark yn Beetstersweach. Platfoarm Leefber Beetstersweach hat in skorsingsfersyk yntsjinne tsjin de kapfergunning fan Elkien. Der is al earder beswier makke tsjin de beammekap.

Wenningstifting Elkien sil op dat plak in appartemintekompleks en wenningen bouwe. Der is in soad fraach nei de wenten. Op 25 febrewaris docht de Hege Ried útspraak yn de saak. Oant dy tiid sil der net mear kapt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)