Kaart is 40 jier ûnderweis

In kaart dy't de famylje Ypma hast 40 jier lyn yn Grou op 'e bus dien hat, is einlings oankaam. De kaart waard besoarge oan de Nieuwe Weide yn Hylpen op it adres dêr't beppe Ypma eartiids wenne. Dy krige de kaart fan har soan en syn famylje, dy't mei in sylboat mei fakânsje wiene. Omdat beppe Ypma al in skoft lyn ferstoarn is, waard de kaart besoarge by de nije bewenner.
Dy koe fia famylje fan beppe de ôfstjoerder berikke. Wêr't de kaart de ôfrûne 40 jier west hat is net bekend.