De Pein achter Sybren Jansma

Oan de bern fan de Bernebrêge sil it net lizze
Bern fan basisskoalle De Bernebrêge yn De Pein hawwe in spandoek makke foar bobslider Sybren Jansma. Se wolle harren plakgenoat sukses winskje by de Olympyske spelen yn Vancouver. De heit fan Sybren is direkteur fan de basisskoalle en Sybren hat sels ek op de Bernebrêge sitten. Jansma docht yn Vancouver mei mei it bobslydzjen.
Sybren Jansma komt yn de nacht fan sneon op snein foar it earst yn aksje yn de twamansbob.