Holwert krijt nij doarpshús

19 feb 2010 - 12:37
  • Holwert krijt wol in nij doarpshûs, de oare doarpen moatte wachtsje

Holwert krijt 1,3 miljoen foar de bou fan in nij doarpshûs by de sporthal. De gemeenteried fan Dongeradiel hat dat tongersdei besletten. Oare doarpen, lykas Hantum, fiele har achtersteld omdat allinne foar it Holwerter plan jild frijmakke wurdt.

Oare doarpen moatte wachtsje op it nije gemeentlike doarpshuzebelied. De nijbou moat de min rinnende sporthal fan Holwert rêde. Ek driget der krimp foar it doarp. Hantum wol ek graach in nij multyfunksjoneel sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)