Saak mishannele plysjefrou

De Harnzer stiet freed foar de rjochter
Tsjin de Harnzer dy't yn novimber 2009 in plysjefrou slim mishannele hat is foar de rjochtbank yn Ljouwert 6 jier sel easke. De fertochte ferklearre dat 'een opeenstapeling van ellende' de reden wie dat hy sa agressyf waard. De man sloech de plysjefrou yn it gesicht doe't er oanhâlden waard op de Grienewei yn Ljouwert.
De frou foel hurd op it trottoir en rekke út de tiid. Se hat in skoft yn it sikehûs lein en it giet noch hieltyd net goed mei har.