Himpkwekerij oprôle Ljouwert

19 feb 2010 - 11:44

Yn in hûs oan de Aggemastate yn Ljouwert is tongersdei in himpkwekerij oprôle. De plysje hie anonime meldings krigen en doe't se dêr op ôfgiene, fûnen se yn it hûs 750 lege potten. Dêrnjonken leine pûden mei ôfknipte henneptoppen. Der binne gjin minsken oanhâlden,

Neffens de plysje ha de himpkwekers sa'n soad skea oanrjochte yn it hûs dat dat hielendal renovearre wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)