Cambuur en Menzo prate fierder

Cambuur wol graach fierder mei trainer Stanley Menzo
Cambuur is nei in earste petear mei trainer Menzo "voorzichtig positief" oer kontraktferlinging. Dat seit Cambuur direkteur Alex Pama. Yn it earste petear tusken trainer en klup is der noch net oer de saaklike kant fan in kontrakt praat.
Cambuur hat wol de yntinsje om fierder te gean mei Menzo. Dat jildt ek foar de oare trainers Alfons Arts en René Grootenhuis. Nije wike folget in twadde petear. Yn maart wol Cambuur der út wêze.