Wetterskip mealt wer

19 feb 2010 - 11:40

Wetterskip Fryslân is begûn mei it meallen en ôfstreame litten fan wetter. Troch it teiwaar stiet it wetterpeil yn de Fryske boezem heech. Foar moandei wurdt in protte reinwetter foarsein. Op plakken stiet it wetter al sa heech dat it yn de polders rint.

It meallen en ôfstreamen waard ferline wike freed noch stillein om de groei fan it iis te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)