Renovaasje Gertrudistsjerke

19 feb 2010 - 10:53

It opknappen fan de Gertrudistsjerke yn Warkum giet dit jier noch los. De balkekonstruksje sil fernijd en de glês-yn-lead-ruten opknapt. De restauraasjeplannen rinne al njoggen jier, mar no kin it dan oangean.

Boargemaster Boekhoven fan Nijefurd hat him tige ynsetten om subsydzjes los te krijen foar de renovaasje fan de markante tsjerke. Hy hat 1,5 miljoen subsydzje loskrigen en de gemeente docht der noch 200.000 euro by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)