Hearrenfean wint fan Grins
Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn goeie saken dien. De Feansters wûnen de útwedstriid tsjin FC Grins mei 3-1. Bas Dost iepene de skoare foar Hearrenfean, wêrnei't Tadic de lykmakker op it boerd sette. Mei syn 25e kompetysjegoal bepaalde Bas Dost de rêststân op 2-1.
De oerwinning krige pas echt stâl yn de 86e minút doe't Viktor Elm de einstân op 3-1 foar SC Hearrenfean bepaalde. De Feansters bliuwe yn de race foar it fjirde plak. Sy hawwe no 54 punten út 28 wedstriden.