Twa auto's fan de dyk helle

De plysje hat tongersdei oan de ein fan de middei twa auto's yn beslach naam, omdat de bestjoerders offisjeel net mear ride mochten. Yn Frjentsjer hold de plysje in man oan dy't de riem net omhie. Bliken die dat de bestjoerder út Peins noch in ûntsizzing hie. Nei oerlis mei de offisier fan justysje is syn auto yn beslach naam.
Op De Lemmer waard in man út Sint Nyk betrape op it riden wylst er dat net mocht, hy moast syn auto ek ynleverje.