Brutale autorôf op De Lemmer
Op De Lemmer is tongersdei op brutale wize in auto stellen, wylst de eigner der hast neist stie. De man hie syn auto neist in trekker setten, omdat er dy starte woe mei help fan startkabels.
Doe't er yn de trekker siet, seach er dat ien útnaaide mei syn auto. Hy skeakele fuortendaliks de plysje yn, mar de auto is oant no ta noch net weromfûn.