Fûgelwachter:jeie op rôfbisten

18 feb 2010 - 16:04
  • Swarte krieën

Der moat in ûntheffing komme om te jeien op rôfbisten as foksen en swarte krieën dy't it op de greidefûgels foarsjoen ha. Dat fynt fûgelbeskermer Tamme Velstra fan Dronryp.

Velstra hat minister Verburg fan Lânbou Natuer en Voedselkwaliteit dêr om frege. Hy kin it net langer oansjen dat swarte krieën, de foks en de rôffûgels de greidefûgels opfrette. Velstra sil net wer sûnder fergunning op rôfbisten jeie, want dêr is hy yn 2009 om feroardiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)