Frysktalige buorden Damwâld

De gemeente Dantumadiel hat tongersdei it earste folslein Frysktalige plaknammeboerd pleatst. Al mear as in jier hat de gemeente Frysktalige plaknammen, mar de buorden wiene noch net ferfongen. Damwâld hie tongersdei de primeur.
Hjirnei wurde alle plaknammebuorden en strjitnammebuorden ferfongen troch ientalich Fryske buorden. De hiele ferfangingsoperaaasje duorret tsien jier.