Soad allochtoanen sûnder wurk

18 feb 2010 - 12:34
  • Yn Fryslân sitte 6500 heger oplate allochtoanen sûnder wurk.

Troch de resesje is de wurkleazens ûnder allochtoanen bot tanaam. Yn Fryslân sitte noch hieltyd 6500 heger oplate allochtoanen sûnder wurk.

Benammen foar minsken dy't út net-westerske lannen komme is it dreech om oan it wurk te kommen. De gemeente Ljouwert en 45 bedriuwen hawwe woansdei om de tafel sitten om dêr wat oan te dwaan. Mei acht bedriuwen, ûnder oare út de bou en de hoareka, binne konkrete ôfspraken makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)