Twifel oer wedstriid Cambuur

Cambuur
It is noch mar de fraach oft de wedstriid Cambuur - FC Oss freed wol troch gean kin. Der is op it Cambuur fjild wol snie romme, mar de gersmatte is noch hurd. Cambuur spile op 5 febrewaris foar it lêst yn kompetysjeferbân. AGOVV Apeldoorn wie doe de tsjinstanner.
De seleksje fan de Ljouwerters is sa goed as folslein. Allinnich Nelson Wau ûntbrekt. Hy hat in knibbelblessuere. Ek Rudy Jansen en Jos van Nieuwstadt kinne noch net spylje.