Mear kontrôle op De Kletten

De plysje sil de kommende tiid skerper kontrolearje op De Kletten yn Drachten. Ut mjittings docht bliken dat op de smelle dyk te hurd riden wurdt. De dyk is smel en oan de kant steane beammen. Dêrom mei der mar 60 kilometer de oere riden wurde. Koartlyn binne by kontrôles snelheden fan 112 kilometer yn it oere metten.
Omdat op de dyk ek in soad skoalbern fytse, is dat libbensgefaarlik. De plysje sil net allinnich lette op de snelheid.