GL wol ferkiezingsbuorden

18 feb 2010 - 09:45
  • GrienLinks wol ferkiezingsbuorden

GrienLinks yn de gemeente Eaststellingwerf sil aksje fiere foar ferkiezingsbuorden yn dy gemeente. Yn Eaststellingwerf binne dizze buorden der net mear. Dêrtroch is it op dit stuit neffens GrienLinks in gribus yn de gemeente. Partijen hingje har ferkiezingsposters no rûnom op.

De partij wol graach de buorden wer werom sadat de ynwenners dúdlik sjen kinne hokker partijen meidogge oan de gemeenteriedsferkiezings fan 3 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)