Geunstige lotting Margot Boer

18 feb 2010 - 06:20

Margot Boer hat goed lotte foar de 1000 meter. De ynwenster fan Grou nimt it yn de 18e en lêste rit op tsjin de Kandese Kristina Groves. Boer waard fjirde op de 500 meter en is ien fan de kânshawwers op in medalje.

Ireen Wüst moat yn de 12e rit oantrede tsjin Richardson. Laurine van Riessen treft in rit letter de Russin Fatkoelina en Annette Gerritsen nimt it op tsjin de Japanske Yoshii yn rit 16. De 1000 meter foar froulju begjint om 22.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)