Knegt nei kwartfinale

18 feb 2010 - 05:48

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat de kwartfinale helle op de 1000 meter. Knegt einige yn syn heat as twadde. Earste waard seisfâldich wrâldkampioen Hamelin.

Lang like it der op, dat Knegt lêste waard. Troch twa knappe ynhelaksjes kaam hy op it twadde plak, wat genôch wie foar de kwartfinale fan sneontejûn. Earder helle Knegt de heale finale op de 1500 meter. De 1000 meter is de favorite ôfstân fan Knegt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)