Ravestein yn basketbalbûn

17 feb 2010 - 21:53

Boargemaster Ravestein fan Opsterlân wurdt de nije foarsitter fan it Nederlânsk Basketbalbûn. Francisca Ravestein siet foardat se yn Opsterlân kaam foar D66 yn de Twadde Keamer, dêr't se ûnder oaren sport yn portefúlje hie.

Yn it nije bestjoer fan it basketbalbûn komt se in âld-Ljouwerter tsjin. Dat is Mark Boumans, tsjintwurdich boargemaster fan Haren, mar oant fjouwer jier lyn wurksum by de NHL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)