Plysje sjit ko dea yn Ljouwert

17 feb 2010 - 21:40
  • foto: Alex de Haan

In wylde ko hat woansdeitejûn foar konsternaasje soarge yn Ljouwert. De ko wie ûntsnapt út it WTC Expo dêr't it bist tongersdei ferhannele wurde soe op de feemerk. De ko bruts út en draafde by it spoar tusken Ljouwert en Harns del. De plysje lei dêrom it treinferkear in skoft stil.

Feehannelers en de plysje ha besocht de ko te fangen, mar dat is net slagge. Om't is bist in gefaar wie foar it ferkear is it troch de plysje ôfsketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)