GroenLinks wol ein stipe REC

17 feb 2010 - 16:43

De Twadde Keamerfraksje fan GroenLinks wol dat de subsydzje foar de ôffaloven ynlutsen wurdt. De fraksje sil dêrfoar tongersdeitejûn in moasje yntsjinje. Ek fynt GroenLinks dat it regear mei de provinsje Fryslân om tafel moat oer it definityf stopsetten fan de bou fan de REC yn Harns.

Oanlieding foar dizze moasje is dat de Ried fan Steat de miljeufergunning ferneatige hat en dat der in oerkapasiteit is foar ôffalferbaarning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)