Provinsje: sizzenskip oer jild

De provinsje wol mear te sizzen ha oer it jild dat se yn projekten yn Ljouwert stekke. Yn it eardere stedskonvenant wie de provinsje by grutte projekten lykas it Frysk Museum wol jildsjitter, mar hie der net folle oer te fertellen. Deputearre Sjoerd Galema steurde him der oan.
De provinsje en Ljouwert binne elk mei in team dwaande mei de wetterkampus. Galema wol dy twa teams byelkoar bringe op ien lokaasje.