Grutte slûsdoarren yn Harns

17 feb 2010 - 14:57

It Harnzer bedriuw Oosterhof/Holman leveret fjouwer geweldich grutte slûsdoarren oan de haven fan Antwerpen. De twadde slûsdoar is al klear. Hy is 9 by 14 meter en 80 ton swier.

De kolos waard woansdei út de loads oan de Keningswei yn Harns riden. It binne de grutste doarren fan Europa yn syn soart. Se binne twa kear grutter as de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns. It is in oarder fan goed 1 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)