Bosk fan Ypey wurdt opknapt

De útwreidingsplannen fan Grut Vijversburg by Ljouwert kinne lang om let begjinne. Nei goed tsien jier fan plannen meitsjen en sykjen om jild, moat inkeld de gemeenteried fan Ljouwert noch grien ljocht jaan.
It bosk fan Ypey wurdt twa kear sa grut, 30 bunder. Der sil ien kear yn de trije jier manifestaasjes hâlden wurde mei keunstners, skriuwers en muzikanten. De filla wurdt opknapt nei de sitewaasje fan 1895 en klearmakke foar publyksfunksjes.