Brulboeioargel kin boud wurde

17 feb 2010 - 11:31

Hoite_Pruiksma kin lang om let syn brulboeioargel bouwe. De muzikant rint al jierren mei it idee fan in oargel om dat bespile wurdt troch wetter.

Troch in subsydzje fan 150.000 euro fan de provinsje kin er no oan it bouwen. It oargel sil út in eilân bestean en ferskate losse boeien mei pipen. Neist it wetter as bespiler, moat it oargel ek troch minsken bespile wurde kinne. Der is noch gjin plak foar it oargel, mar ferskate gemeenten ha ynteresse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)