Aqua Zoo moat ton werombetelje

Aqua_Zoo by Ljouwert moat goed in ton werombetelje oan it SNN. It bistepark krige it jild as preemje om de ekonomy yn it Noarden te stimulearjen. Betingst wie dat de helte fan de besikers út de noardlike provinsjes komme moast. Ut in stekproef kaam dat dat mar fjirtich prosint is.
It Samenwerkingsverband Noord-Nederland easke it jild werom. It bistepark gie dêryn tsjin berop by de Raad van State, mar hat de saak ferlern.