Dútser oppakt foar stellerij

In man út it Dútske Emlichheim hat bekend meardere kearen guod stellen te hawwen út in supermerk yn Nijhoarne. De 48-jierrige man waard tiisdei betrape troch in personielslid en oerdroegen oan de plysje. Dy fûn út dat de man al faker aktyf west hie yn de supermerk en ek in yn supermerk yn Meppel.
De man moat meikoarten foar de rjochter ferskine, omdat er noch yn in proeftiid siet nei eardere stellerij út winkels.