Harkemase Boys bekert fierder
Harkemase Boys hat yn it noardlik bekertoernoai de lêste sechstjin helle. Op it keunstgersfjid fan De Rottefalle waard tiisdeitejûn Flevo Boys mei 2-1 ferslein. De ploech út Emmeloard fan trainer Willem Brouwer kaam krekt foar it skoft op foarsprong troch Arjen Spaan.
Yn de twadde helte wiksele Boys-trainer Henk de Jong in pear spilers. Dêrnei soargen Martijn Barto en Roel van der Meulen foar de omkear en de winst foar Harkemase Boys.