Undersyk nei brân auto

De plysje ûndersiket de brân yn in auto, moandeitejûn oan De Bird yn Ljouwert. De auto dy't parkeard stie by in flat yn de strjitte baarnde dêrby foar it grutste part út. Ut it ûndersyk hat bliken dien dat der in skroevedraaier tusken ien fan de doarren stutsen wie. Mooglik is sa in brânbere stof yn de auto jitten.
De plysje siket no minsken dy't mear witte fan de brân.